FIDEO: Tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân stjoert snein wer live in tsjerketsjinst út. Der is opnij in soad fraach nei online tsjinsten, om't der mei de nije coronamaatregels minder minsken fysyk yn tsjerke sitte kinne. Omrop Fryslân hat yn 'e maitiid ek tsjinten útstjoerd, doe't dy hast allegear ferfoelen yn ferbân mei it coronafirus. De tsjinst begjint om 10.00 oere en komt út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei, mei as foargonger dûmny Teunard van der Linden. Organist is Jochem Schuurman en Jaap de Kok is de sjonger.
Klik hjir foar de liturgy fan de tsjinst.