PODCAST Boekekast #2: 'Trije Friezen en in Turk', in ferhaal fan Ferdinand de Jong

15 nov 2020 - 09:00

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de twadde ôflevering is it ferhaal 'Trije Friezen en in Turk' fan Ferdinand de Jong te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwer. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Rein Tolsma.

Mei in plof lit Auke him op it bankje falle. Op syn fêste plak, it fierste hoekje. Dêr set er de soerstofflesse njonken him op de grûn. Hy sjocht even op de mjitter, de wite izeren buis sit noch trijekwart fol. Krekt as op de measte dagen is er earst. Dat komt moai út, want dan kin er even bykomme fan de reis op syn scootmobyl.

Ut it ferhaal 'Trije Friezen en in Turk' fan Ferdinand de Jong.

Foto: Omrop Fryslân

Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong (1969) skreau seis romans en hy is kollumnist by Omrop Fryslân. "Ik woe foar dit ferhaal krekt net oer de pandemy skriuwe om't elkenien it dêr al oer hat. Dat leit te bot foar de hân." Hy siket altyd wol ferbining mei de aktualiteit, en skriuwt oer tema's dy't yn de maatskippij spylje. "Yn dit ferhaal is dat rasisme en de diskusje oer Swarte Pyt dy't ta polarisaasje liedt."

Troch corona is er net mei in nije roman dwaande, mar hy hat wol in oar projekt dien. "Ik ha mei Gurbe van der Woude in boek skreaun oer SC Hearrenfean dat dit jier it hûndert-jierrige jubileum fiert. In boek mei ferhalen oer spilers en wedstriden."

De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân,City of Literature en Omrop Fryslân. Acht wiken lang wurdt sneons in nij ferhaal publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)