Bûtenpost op de kaart: doarpsbelang set yn op sintrumplan en treinnamme

15 nov 2020 - 08:45

Pleatslik Belang Bûtenpost is dwaande om it doarp wat mear op de kaart te setten. Dat moat barre mei in opknapt winkelsintrum, en it doarpsbelang set ek yn op in trein mei in namme dy't nei it doarp ferwiist.

It stasjon fan Bûtenpost - Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

Pleatslik Belang set takom wike útein mei it meitsjen fan in plan foar it winkelsintrum. Der is in spesjale projektgroep opset yn 'e mande mei in tal amtners fan de gemeente, in ûndernimmer, in fertsjintwurdiger fan BuisinessClub en in ûnôfhinklik saakkundige.

It Pleatslik Belang jout oan dat tips en ideeën út it doarp oer it sintrum wolkom binne. "We hopen op eensgezindheid en een fijne samenwerking. Dit is een kans die we niet moeten laten lopen. We willen immers allemaal een levend dorp met een goed winkelcentrum."

Trein: De Kruidhof? IJstijdenmuseum?

It doarp mei ek wol wat mear op de kaart set wurde, fynt it doarpsbelang. Takom jier komme der 18 nije treinen fan Arriva op de spoarlinen yn it Noarden. Arriva hat oanjûn dat sy op syk is nei nammen foar de nije treinen. Dy nammen meie bestimmingen wêze: bygelyks in stêd, doarp, plein, museum, festival of natuergebiet. Foar 21 novimber kin eltsenien in idee ynstjoere en tusken 1 en 6 desimber meie minsken stimme op de nije treinnammen.

Pleatslik Belang Bûtenpost ropt dêrom op nammen te betinken en yn te stjoeren dy't mei Bûtenpost te krijen hawwe. "In het kader van Buitenpost-promotie zou bijvoorbeeld De Kruidhof of het IJstijdenmuseum kunnen. Individuen maar ook organisaties of verenigingen mogen ideeën aanleveren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)