Sido Martens oer De Weemoeder: de earste jierren kinne je meitsje of brekke

De earste jierren fan je libben kinne je meitsje of brekke. Hoe is it om yn in húshâlding op te groeien dat ôfstanlik is, dêr't de mem samar ferdwynt en heit de drank net stean litte kin. Sido Martens skreau it boek De Weemoeder. De muzikant en skriuwer is 71 jier en skreau pas de ôfrûne tiid syn jeugd en de gefolgen dêrfan fan him ôf.
© Simone Scheffer
Simone Scheffer fan Omrop Fryslân gie mei Sido Martens werom nei de Sumatrastraat yn Ljouwert. Under de reek fan it Cambuurstadion leit de strjitte dêr't Sido opgroeide. Foar it earst yn skoften stie hy wer foar nûmer 27. It hûs dêr't de oantinkens oan in net-ideale jeugd lizze. Wy hearre muzyk fan it nijste album fan Martens. It album stiet ek yn it teken fan syn ferhaal De Weemoeder.

Muzyk en tekst

Martens makket syn libben lang al muzyk en skriuwt ek al hiel lang. De ferskes binne bytiden mankelyk te neamen. Dat waard ek altyd tsjin de sjonger en skriuwer sein. Uteinlik begûn hy nei te tinken oer hoe't soks komt.
Hy kaam ta de konklúzje dat dêr in soad mislearre is dat in soad ynfloed hie op de jonge en letter folwoeksen Martens. Yn in iepenhertich boek beskriuwt hy de mominten yn syn jeugd dy't yndruk makken en harren gefolgen hiene. It boek is te krijen op de webside fan Martens.
Sido Martens oer syn boek De Weemoeder
© Simone Scheffer