Twadde ferzje 'Taalgids foar ut Franekers': útwreide mei nije ynsichten

15 nov 2020 - 08:03

Yn it gemeentehûs fan Waadhoeke is dizze wike in nije ferzje presintearre fan it Frjentsjerter boekje Taalgids foar ut Franekers. De earste druk út 2016 wie binnen in jier útferkocht. Boppedat is de nije ferzje troch de gearstaller Wim Aalbers útwreide mei nije ynsichten.

Foto: Gemeente Waadhoeke

Yn it foaropwurd is mear omtinken foar it plak fan it Stedfrysk tusken it Frysk en it Nederlânsk yn. Oan it begjin fan elts haadstik binne taalregels te finen oer de stavering, sinbou en útspraak.

De taalgids is mei mooglik makke troch gemeente Waadhoeke en Ut Genoatskat foar ut Behoud fan ut Franekers. De nije druk is oerlange oan wethâlder Jan Dijkstra. Dat barde yn lyts fermidden fanwege de coronamaatregels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)