PvdA Opsterlân hâldt 'alvestêde-ynsammel-aksje' foar voedselbank

14 nov 2020 - 19:51

De fraksje fan de Partij van de Arbeid yn Opsterlân hâldt in "alvestêden-ynsammel-aksje" foar de lokale Voedselbank. De koel- en friesromte fan de Voedselbank is te lyts en de PvdA wol foar in nije soargje. Sa kin bygelyks bôle en fleis better bewarre wurde.

Foto: PvdA Opsterlân

De fraksje hopet yn elk fan de alve stêden op syn minst 100 euro op te heljen. Op 4 jannewaris moat it jild byinoar wêze, dan is it eksakt 24 jier lyn dat de lêste Alvestêdetocht ferriden is.

Trefwurden: 
Opsterlân PvdA Voedselbank
(Advertinsje)
(Advertinsje)