Boa's hawwe hannen fol oan hanthavening coronamaatregels yn sintrum Ljouwert

14 nov 2020 - 18:10

De boa's (bûtengewoan opspoaringsamtners) hawwe it dit jier ekstra drok fanwegen de coronakrisis. Yn de iepenbiere romte moatte se tafersjoch hâlde op it neilibjen fan de coronamaatregels. Sa kontrolearje se bygelyks oft groepen net te grut binne. In útdaging yn dizze drokke dagen, bygelyks yn de binnenstêd fan Ljouwert. "We krije somtiden fan alles oer ús hinne", seit boa Tjibbe-Geert Hoekstra.

Boa's

Hoekstra surveillearret mei syn kollega Duco Hilverda yn de binnenstêd. Dat is op sneon in fuotgongersgebiet. De measte fytsers krije in warskôging mar der wurde dochs noch goed tsien boeten útdield. Lang net elkenien bliuwt freonlik.

"Ik vind dit echt belachelijk. Ik kom eigenlijk nooit in het centrum en heb de verbodsborden niet gezien. Dit gaat echt te ver en we hebben het al zo moeilijk. De boa moet zich schamen." De lilke fytser krijt in boete fan 55 euro fan Hoekstra, dy't rêstich bliuwt. Hy is wol wat wend. "Dit meitsje we folle faker mei. Je fernimme dat minsken in koart lontsje ha. Yn maart wie dat noch oars, mar minsken binne no klear mei corona. Se wurde soms agressyf, se begjinne dan te skellen of te flybjen."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De boa's sjogge ek nei de groepsgrutte. Mei mear as twa minsken by-inoar stean as je net út itselde húshâlden komme, mei net. Dêr stiet in boete op fan 95 euro. It is dreech te kontrolearjen, seit boa Hilverda. "Je kinne net sjen wa't no by inoar heart en wa't ûnder ien dak wennet". Dizze dei wurdt der gjinien bekeurd foar it gearkloftsjen, sa't dizze oertrêding hjit.

By de gemeente Ljouwert wurkje 36 boa's. Seis fan harren wiene sneon aktyf yn de binnenstêd. Boargemaster Sybrand Buma hat in pear wike lyn elkenien oproppen om net sneontemiddei nei Ljouwert te kommen omdat it dan te drok wurdt. Kom moarns betiid, is it advys fan Buma. Dan binne ek de parkeargaraazjes fergees.

Dizze man kaam der fanôf mei in warskôging - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust gie by de boa's yn Ljouwert del

(Advertinsje)
(Advertinsje)