Trije ferwûnen by botsing tusken twa auto's by Terwispel

Op de Koaibosk by Terwispel binne sneontemiddei twa auto's op inoar botst. Dêrby binne trije persoanen ferwûne rekke.
© SRFotografie
Trije ambulânsen en in traumahelikopter waarden oproppen. Ek de brânwacht fan De Gordyk kaam te plak om't der mooglik sprake wie fan in bekniping.
De oarsaak fan it ûngelok is op dit stuit noch ûnbekend. De rotonde is troch de plysje ôfsletten foar it oare ferkear.