Plysje sprekt swarte piten yn Drachten oan op coronamaatregels

14 nov 2020 - 16:14

In groep fan tsien swarte piten is sneontemiddei yn it sintrum oansprutsen troch de plysje fanwege de jildende coronamaatregels. De swarte piten joegen bern kado's en pipernuten en hiene dêrby muzyk oan.

De plysje kaam te plak om de piten oan te sprekken op de aksje. De swarte piten moasten de muzyk útlitte en moasten ôfstân hâlde fan it winkeljend publyk. By de aksje waarden gjin minsken oanholden.

Trefwurden: 
plysje Drachten Swarte Pyt
(Advertinsje)
(Advertinsje)