RIVM: 91 nije besmettingen konstatearre yn Fryslân, twa stjergefallen

14 nov 2020 - 14:43

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 91 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der fiif minder as freed, doe wiene it der 96. De 91 besmettingen binne der acht mear as it gemiddelde fan de ôfrûne sân dagen. Lanlik binne der 5.941 besmettings fêststeld.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn Súdwest-Fryslân (23). Dêrnei komt Ljouwert mei 14. Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel twa nije stjergefallen meld, dat giet om in ynwenner fan Ljouwert en in ynwenner fan Súdwest-Fryslân. Twa Friezen binne yn it sikehûs rekke as gefolch fan in coronabesmetting.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Trefwurden: 
RIVM coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)