HEA! Kroech wurdt Krystwinkel
Jolanda de Jong hat sûnt twa jier kafee De Heidehoeke yn Twizelerheide. Se fielt har as Snitser tige op har plak yn de Wâlden, mar doe kaam it coronafirus en moast it kafee ticht. En wat dogge je dan? Jolanda waard kreatyf en begûn in krystwinkel yn de kroech.