Mem docht oanjefte tsjin minister Slob om antyhomo-útspraken: "It rekke my persoanlik"

14 nov 2020 - 13:51

Minister Arie Slob (Basis- en Fuortset Underwiis) fan de ChristenUnie sei ôfrûne wike dat religieuze skoallen it rjocht ha om âlden yn in ferklearring ôfstân nimme te litten fan homoseksualiteit, salang't der sprake is fan in lykweardige behanneling fan alle learlingen. De Fryske Carla van Hoorn, mem fan twa bern dy't LGBTQ+ binne, fûn dy útspraak sa fier gean dat se besleat oanjefte te dwaan tsjin de minister. "It rekke my persoanlik."

Minister Arie Slob - Foto: Omrop Fryslân

Van Hoorn kin der net by dat in minister soks sizze kin. "Hy jout mei syn wurden in sinjaal ôf nei hiel Nederlân dat it okee is om homoseksualiteit ôf te wizen", leit se út. "Ik fyn dat sa'n heechpleatst persoan op syn wurden lette moat, want der binne in soad minsken dy't nei him harkje. Der binne minsken dy't it serieus nimme en myn bern kinne dêr lêst fan krije."

"Leed is al lijd"

De útspraak fan Slob feroarsake in soad opskuor. De minister nuansearre syn boadskip dêrom in dei letter en sei dat syn ferklearring 'een brug te ver' wie. Dat kaam foar Van Hoorn lykwols te let: "It is itselde as ien in klap jaan. As dy persoan dan in brutsen kaak hat, kinst sorry sizze, mar it leed is al lijd." Se gie dêrom fan 'e wike nei it plysjeburo fan Snits om oanjefte te dwaan.

Neffens in advokaat dy't Van Hoorn rieplachte, sei Slob yn prinsipe neat strafbers. Yn artikel 23 fan de grûnwet, frijheid fan ûnderwiis, stiet nammentlik dat skoallen regels opstelle meie oan de hân fan harren eigen opfettings. Dat komt lykwols net oerien mei artikel 1 fan de grûnwet: eltsenien is lyk.

Van Hoorn: "Ik ha yn de oanjefte oanjûn dat justysje sjocht oft dat wol echt kloppet mei elkoar. Ik hie ek in brief skriuwe kind, mar dat joech foar my net genôch krêft oan myn wurden. Dêrom dizze offisjele rûte."

De útspraken yn it parlemint falle ûnder ymmuniteit, dus it is mar de fraach oft de oanjefte liede sil ta in rjochtsaak. Van Hoorn: "Dêr twivelje ik sels ek oan. Mar as mear minsken oanjefte dogge, wurdt der in sterk sinjaal ôfjûn, sadat se yn Den Haag neitinke sille oer wat der yn de grûnwet stiet en oft dat feroare wurde kin. Je kinne net ûnderwiis jaan mei in diskriminearjende ynslach."

It Iepenbier Ministearje sil no sjen oft der grûn is foar ferfolging. "Ik wurd dêroer op de hichte hâlden. We sille it ôfwachtsje", leit Van Hoorn út. Har bern binne yn elts gefal tige grutsk dat harren mem foar har en oare bern yn Nederlân opkomt. "Se fine it hartstikke stoer dat ik dit doch!"

Carla van Hoorn oer de oanjefte tsjin minister Slob

(Advertinsje)
(Advertinsje)