"Reid de Jong: in markante man mei in idee oer hoe't de wrâld wêze moast"

Oprjochter fan de Strontrace-sylwedstriid Reid de Jong (1934-2020) is op 86-jierrige leeftiid ferstoarn, waard freed bekend. "It wie in markante man. Hy wie trou oan syn tinzen. Hy hie in idee oer hoe't de wrâld wêze moast en dêr hat er oan fêstholden. Hy wie in fisionêr en makke him dêr sterk foar. Dat fûn ik geweldich," seit Arjen Mintjes, dy't jierren by de wedstriid belutsen wie en De Jong goed koe.
Reid de Jong ferstoarn
Hy waard as Reid Jelle de Jong berne op 27 oktober 1934 yn Wanneperveen. Hy wurke as jongfeint as arsjitekt yn Rotterdam en kearde him tsjin de boppelaach fan de maatskippij. Syn ôfkear fan de konsumpsjedrift makke dat er oan de ein fan de jierren 60 út Rotterdam wei ferhûze nei Fryslân ta.
Hy rjochte him tenei op it sylskip: in symboal fan in mear ienfâldige libbenswize. Yn 1974 organisearre hy de earste Strontrace, de tocht fan Warkum nei Warmond. De Strontrace wie de grutte leafhawwerij fan De Jong. Hy hat grutte bedraggen jild út eigen bûse betelle om it evenemint mooglik te meitsjen.

"Wy moatte op ús wrâld passe"

Ek Arjen Mintjes neamt it idealisme fan De Jong. "Ik tink dat Reid hiel bysûnder wie om't er al yn de jierren 70 troch hie wat wy no mei syn allen troch hawwe: it kin sa net mei de wrâld. Hy wie fan tinken: wy moatte op ús wrâld passe. It waakste him yn de eagen dat wy as minsken de wrâld om ús hinne stikken meitsje."

Silerij as duorsum libben

Dêrom ferhûze hy nei de fjoertoer yn Warkum. "Dêr hat er betocht: dy silende frachtfeart moatte wy weromkrije. It is skande dat sa'n prachtige útfining as it sylskip net mear sa goed brûkt wurdt. Dêr hat hy him foar ynset: dy wize fan duorsum, ekologysk libben. Hy libbe yn syn eigen wrâld, fan syn eigen lân en syn geiten. Hy hat altyd foar himsels soarge," fertelt Mintjes.
Ek it farren hearde dêr by. "De fiskerij wie him dierber. Hy fiske sels, mar ek de frachtfeart mei sylskippen wie wichtich. Dat woe hy weromkrije en dêrom hat er fan alles betocht. De Strontrace, Liereliet, Sail Amsterdam, Rûntsje Noardsee, hy wie by in soad belutsen. Hy wie syn tiid fier foarút."
Yn 2018 kaam de Strontrace op de UNESCO-list ymmaterieel erfgoed © Remco de Vries, Omrop Fryslân

In man fan ideeën

Dochs wie hy ek net altyd in maklike man, seit Mintjes. "Ik haw 15 jier foarsitter west, mar wy kamen ek persoanlik faak op de toer. As hy wat betocht, dan moast it ek sa. De minsken om him hinne moasten it organisearje. Hy hie de ideeën, de minsken fierden it út. Mei de Strontrace hie er ek eigen gedachten. It bestjoer fan de Vereniging Zeilvracht is oprjochte om't er it allinne net mear oan koe."
Hy krige ek wol wat foarinoar. "Yn 1987 hat er in reis nei Berlyn organisearre. Hy wie de man dy't twa ambassadeurs fan East- en West-Berlyn omearme om de stêd byinoar te bringen. Dat hie net ien foarinoar krigen, mar hy die it gewoan. Syn grutte trui, syn piip, syn mûtse en syn burd. Hy omearme eltsenien, hy pakte dy beet en drukte dy yn dy trui."
Reid de Jong yn 2016 © Omrop Fryslân, Andries Bakker

"Het hoort bij moeder aarde: zeilvaart"

Yn 2018 kaam de Strontrace op de UNESCO-list ymmaterieel erfgoed. Foar De Jong wie it in momint om syn stânpunt nochris te ferkundigjen, oer de status sels wie er beskieden: "Ik vind het aardig. Het hoort bij moeder aarde: zeilvaart. En ik zeg zo vaak: elke boer kan materiaal voor de zeilvaart bouwen. Zowel hout voor de schepen, als katoen voor de zeilen. Alle andere vaart is waardeloos op deze wereld, daar gaat de hele aardbol mee naar de kloten. Weg met alle grote motorschepen."
De Jong wie altyd by de Strontrace. "Ek de lêste kear yn oktober wie hy der noch by belutsen," fertelt Mintjes. "Der wie fansels gjin race fanwegen it coronafirus, mar hy siet op de haven mei de minsken fan de organisaasje. Hy sei doe ek: ik hoopje dat dit evenemint altyd trochgiet, ek as ik der net mear bin. Al dy minsken nimme syn gedachten mei en dêrmei krije wy in bettere takomst."
Arjen Mintjes oer Reid de Jong