It Hearrenfean krijt 'Circulair Ambachtscentrum': ôffal krijt twadde libben

14 nov 2020 - 10:19

Der komt in spesjaal 'Circulair Ambachtscentrum' op It Hearrenfean. Dêr wurdt werbrûkber ôffal dat by it stoart ynlevere is opknapt, sa't it wer ferkocht of recycled wurde kin. It moat wurk opsmite foar minsken mei ôfstân ta de arbeidsmerk en in plak foarmje dêr't ambachtslju fan it Friesland College en Het Knooppunt terjochte kinne.

It gemeentehûs fan Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De gemeente hat 50.000 euro subsydzje fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat krigen.

It folsleine porjekt moat 100.000 euro kostje. De oare 50.000 komt by de gemeente Hearrenfean en ôffalferwurker Omrin wei. Dy partijen wurkje ek gear mei partners lykas Caparis, Caleidoscoop en Stichting Lezen en Schrijven.

(Advertinsje)
(Advertinsje)