Gariper feroardiele foar misbrûk fan falske rydbewizen en identiteitskaart

14 nov 2020 - 09:54

In 52-jierrige man fan Garyp is feroardiele ta fjouwer moannen selstraf fanwege it meitsjen en brûken fan falske rydbewizen en in identiteitskaart. Mei dy kopyen hat er auto's kocht en fersekeringspoalissen ôfsletten.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De saak kaam oan it ljocht doe't in bedriuw yn Drachten oanslaggen krige en boeten krige foar fergripen dêr't sy net ferantwurdlik foar wiene. De Gariper wie in bekende fan de direksje en hie stikem kopyen makke fan in rydbewiis. Wêrom't de man krekt falske papieren brûkte, is net bekend. Want hy kaam freed net by de rjochtsitting opdaagjen.

Trefwurden: 
rjochtbank ID Garyp rydbewiis
(Advertinsje)
(Advertinsje)