Liveblog | 14 novimber 2020

Coronanijs fan 14 novimber: 91 nije besmettingen en twa stjergefallen | Boa's hawwe hannen fol

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 14 novimber 2020, 22:56
23:00

Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog. Tank foar it folgjen. Snein is der wer in nij liveblog.
21:24

Boa's hawwe hannen fol oan hanthavening coronamaatregels yn sintrum Ljouwert

De boa's (bûtengewoan opspoaringsamtners) hawwe it dit jier ekstra drok fanwegen de coronakrisis. Yn de iepenbiere romte moatte se tafersjoch hâlde op it neilibjen fan de coronamaatregels. Sa kontrolearje se bygelyks oft groepen net te grut binne. In útdaging yn dizze drokke dagen, bygelyks yn de binnenstêd fan Ljouwert. "We krije somtiden fan alles oer ús hinne", seit boa Tjibbe-Geert Hoekstra.
17:37

Viruswaarheid spant koart pleit oan tsjin steat

Viruswaarheid spant in koart pleit oan tsjin de Nederlânske Steat dêr't se in ein yn easkje aon de "massale coronatestcampagne". Neffens de aksjegroep is de brûkte PCR-test net geskikt om fêst te stellen oft ien ynfektearre is mei it coronafirus. "De bijsluiter van deze PCR-testen vermeldt uitdrukkelijk dat een positieve test niet betekent dat iemand drager is van het virus. Het gebruik van de test voor dit doel is bovendien niet goedgekeurd door de Europese Unie", seit de groep.
Neffens Viruswaarheid brûkt de oerheid dizze útslaggen om de coronamaatregels te rjochtfeardigjen. "In de 'Routekaart Coronamaatregelen' is het aantal positieve testen per 100.000 inwoners direct gekoppeld aan het op- en afschalen van maatregelen. Het coronabeleid is gebaseerd op drijfzand. Het kabinet rechtvaardigt de maatregelen op een voor dat doel ongeschikte test. Dat is onrechtmatig", seit Jeroen Pols fan Viruswaarheid.

'Panykkommunikaasje'

Neffens Pols moat de oerheid har kommunikaasje drastysk feroarje. "De overheid maakt zich schuldig aan paniekcommunicatie. Door dagelijks over aantallen positieve testen te communiceren als 'besmettingen' of 'patiënten', is sprake van misleiding. Veel mensen denken ten onrechte dat corona een reële bedreiging voor hen vormt. De bevolking zou nooit instemmen met vergaande grondrechtinperkingen indien zij juiste en complete informatie ontvangt."
Viruswaarheid sommearret minister De Jonge fan Folkssûnens om it belied net langer te basearjen op in ferkearde ynterpretaasje fan PCR-útslaggen en de kommunikaasje oan te passen.
It koart pleit tsjinnet 25 novimber 2020 foar de rjochtbank yn Den Haag.
16:25

Plysje sprekt swarte piten yn Drachten oan op coronamaatregels

In groep fan tsien swarte piten is sneontemiddei yn it sintrum oansprutsen troch de plysje fanwege de jildende coronamaatregels. De swarte piten joegen bern kado's en pipernuten en hiene dêrby muzyk oan.
In swarte pyt wurdt oansprutsen troch de plysje yn Drachten © SrFotografie
15:45

Frysk foarjierskonkoers skrast

It Frysk foarjierskonkoers dat pland stie foar 13 maart 2021 yn De Lawei yn Drachten giet net troch. Dat hat de Organisatie van Muziekverenigingen bekend makke.
Fiif fan de njoggen muzykferienings seagen it net sitten om it evenemint trochgean te litten. Twa oare ferienings woene noch oant jannewaris wachtsje mei in beslút. Mar twa ferienings woene wol meidwaan oan it konkoers. De oerkoepeljende organisaasje hat op grûn dêrfan besletten it konkoers oergean te litten.
Oare muzykfederaasjes, bygelyks dy fan Gelderlân-Flevolân, hâlde fan 't maitiid ek gjin konkoers yn ferbân mei it coronafirus.
15:17

Tal coronapasjinten op ic ôfnaam

Yn Nederlânske sikehuzen lizze sneon 56 coronapasjinten minder as op freed. It binne der yn totaal 2.125, dêrfan lizze 595 covid-pasjinten op de intensive care, 14 minder as freed. Dat docht bliken út de deistige sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).
It ôfrûne etmiel binne 35 pasjinten, wêrfan't seis ic-pasjinten, ferpleatst nei sikehuzen yn oare regio's.