Omrop TIP: Lânskip en natuer, de Beklimmers fan it flakke lân #2

Fryslân DOK makket in searje dokumintêres oer minsken dy't skriuwe oan in nij ferhaal foar it plattelân. Oer minsken dy't de kop boppe it meanfjild útstekke, foaropgeane en rjochting sykje. Lânskip en natuer is it tema fan dizze twadde ôflevering fan 'Beklimmers fan it flakke lân'.
Dêr't de stêd benammen in massa beton is mei wat griene plakjes, is it plattelân ien grut lânskip mei hjir en dêr bebouwing. It lânskip is in wêzentlik ûnderdiel fan it libben op it plattelân, mar de bewenners hawwe harsels hieltyd mear loskeppele. It lânskip krijt funksjes tadield: natuer, lânbou, rekreaasje. As wy as bewenner dy funksje net brûke, is it mar in hinderlik stik lân tusken de iene en de oare stêd.
Albert van der Ploeg yn it lân © Omrop Fryslân
Mar wêrom wenje op it plattelân, as dat lânskip gjin diel útmakket fan it libben? Filosoof Eric Brinckmann makket him soargen oer de loskeppeling tusken minsken en lânskip. Hy fynt it werombringen fan dy relaasje wichtich.
Filosoof Eric Brinckmann © Omrop Fryslân
De Noardlike Fryske Wâlden wol ek dat dy ferbining sterker wurdt. Dy organisaasje stimulearret boeren de rol fan lânskipsbehearder op har te nimmen. Boargers wurde útnûge foar aktiviteiten yn it fjild. Foarsitter Albert van der Ploeg hat it ta syn misje makke om de minsken wer oan it lânskip te ferbinen.
Albert van der Ploeg © Omrop Fryslân
Noch in beklimmer: Douwe Gerlof Heeringa. Midden yn coronatiid in restaurant iepenje freget moed. Syn Waadherberch 'The Friezinn' op De Westhoek wurdt in plak dêr't it lânskip sintraal stiet foar syn gasten. Mei lokale produkten, tochten oer it Waad en ferhalen fan it lân.
Rinne oer it waad © Omrop Fryslân
Fryslân DOK: 'Beklimmers fan it flakke lân 2 - Lânskip'
Sneon 14 novimber, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 15 novimber 13.10 oere)
Snein 15 novimber, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)