Kollum: "Koffie to go"

14 nov 2020 - 08:21

"Troch omstannichheden sit ik de lêste tiid wat mei mear oandacht nei boatsjes te sjen. Dat hawwe je somtiden. Sa foel myn each op de Kong Harald. Dy kaam foarby farren yn in prachtich lânskip fan fjorden en skitterjend noarderljocht.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Dy Kong Harald is net samar in boatsje, mar in mânsk cruise-skip. 121,8 meter lang en 19,2 meter breed. Der kinne 590 minsken op mei farre. De Dútske TV stjoerder NDR folge it skip mei benammen pensjonearre beteljende gasten op in reis fan de Noardske stêd Bergen by de kust del, hielendal nei de Noardkaap. Dit alles foardat in grypfirus de wrâld yn de besnijing krige.

Fjorde, Nordkap und Polarlicht hjit it moai filme reisferslach. In tripke dat ik ek noch wolris meitsje wolle soe, mar dêr giet it no net om. Trouwens, ús eigen Iris Kroes hat ek ûnderfining mei ditsoarte tochten. Dy grutte skippen is eins in wrâldsje op himsels en dêr hearre ek optredende artysten by.

Wy hawwe hjir yn Nederlân in nije hobby fûn om de tiid om te krijen, no't we net mear even op it terras sitte meie. De saneamde koffie to go is ús nije tiidferdriuw, sa sei heechlearaar gedrachsferoaring Rick van Baaren fan de Radboud Universiteit. It driuwende advys om thús te bliuwen blykt mei it moaie waar mar min fol te hâlden en dus sloarpje wy grutte koppen kofje leech op in bankje earne yn de natuer. Mei wat gelok stiet der in ôffalbak njonken en oars bedarje dy bekers op in plak dêr't se eins net thús hearre. It die ek bliken dat foaral yn it westen fan it lân te min natuer is om al dy kofjedrinkers in bytsje de romte te jaan. It sukses fan de koffie to go driget de beskikbere natuer te oerspielen.

Dat probleem hawwe se yn Noarwegen net. Dêr is romte by de roes. Mar it aardige is: dêr hienen sy foar de pandemy dus al in soarte fan koffie to go Noardske styl. As de poalwinter der foar soarget dat it it grutste part fan de dei tsjuster is, wolle dy Noaren ek wolris wat. Je wurde oars sa depressyf as in doar. Dus is it foar in fêst ploechje manlju yn ien fan de oanlisplakken fan de Kong Harald alle dagen feest. As it skip oanleit, geane de toeristen oan wâl om de lokale kultuer op te snuven.

No is it yn sa'n gemiddeld Noarsk stedsje oan see winters sa dea as in pier, mar dat hawwe dy toeristen net troch. Dy fine alles prachtich. As sy op 'e strún binne, stappe in man as acht lokale bewenners oan board. En wat dogge dy? Kofje drinke mei in gebakje der by. Alle dagen as der sa'n joekel fan in skip oan de kade komt, stappe sy foar in pear oerkes oan board en drinke dêr in bakje kofje mei wat lekkers. Efkes seure, even de sinnen fersette. It personiel wit dat se komme en sy wurde hertlik ûntfongen. As de passazjiers der wer oan komme, geane de manlju oan wâl en ditselde tafriel werhellet him as it folgjende skip oanleit.

As ik ea nochris dy kant út gean, soe ik wolris mei dy manlju prate wolle. De Kong Harald leit op sa'n reis 34 kear oan yn in haven, dus ien kear oan board bliuwe is gjin probleem. Dêr is grif in moai ferhaal foar in boek op te tekenjen, dat mist my net. Mei in koffie to go Noarske styl der by."

(Advertinsje)
(Advertinsje)