Bewenners fan gebiet njonken de Súd Ie by Dokkum yn ferset tsjin fytspaad

Bewenners fan it gebiet tusken Jouswier en Eastrum komme yn ferset tsjin de komst fan in toeristysk fytspaad tusken Dokkum en De Skâns. De gemeente Noardeast-Fryslân wol troch de greide en by it wetter fan de Súd Ie del in nij fytspaad oanlizze. Ferskate omwenners sjogge dat lykwols net sitten.
© Omrop Fryslân, Mats Gies
In oantal omwenners hat yn 'e mande mei-inoar in beswierskrift opsteld. De tsjinstanners fan it fytspaad fine dat de gemeenteried earder dit jier op basis fan ûnfolsleine en ûnkrekte ynformaasje in beslút nommen hat oer de rûte fan it nij oan te lizzen fytspaad. By it rapport, opsteld troch advysburo Arcadis, soe te min rekken holden wêze mei de omjouwing.

'Genôch alternativen"

Neffens Klaas de Haan, dy't al hast syn hiele libben yn it gebiet by Jouswier wennet, is der gjin draachflak foar in fytspaad troch it gebiet. Hy tinkt dat der genôch alternativen binne, sûnder dat der grûn oerkocht wurde moat en dat der skea tabrocht wurdt oan greidefûgels.
Klaas de Haan fan Jouswier
© Omrop Fryslân, Mats Gies
De gemeente jout ta dat der konsesjes dien wurde moatte. It fytspaad soe in oanwinst foar de regio wêze, mar kin foar guon omwenners ek net geunstich wêze. Neffens de gemeente wurdt der lykwols goed oerlein mei alle omwenners en wurdt net praat oer eventuele alternativen.

Gemeenteried

Op woansdei 25 novimber wurde de beswieren fan de tsjinstanners troch de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân bepraat.
Programmamanager Sytse Kroes fan de gemeente