Fjoerwurkhanneler: "Ferbod is net te hanthavenjen"

14 nov 2020 - 07:55

It fjoerwurkferbod sil net foar minder drokte soargje yn de sikehuzen. Dat tinkt fjoerwurkhanneler Reinier de Graaf fan Langsweagen. Neffens him sil der troch it ferbod dit jier mear yllegaal fjoerwurk ferkocht wurde. En dat is faak swierder en gefaarliker as wat der yn de reguliere hannel ferkocht wurdt. Freed waard bekend dat it kabinet in fjoerwurkferbod ynfiert foar de kommende jierwiksel fanwege de corona-útbraak.

Fjoerwurk - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

"Wy binne al jieren dwaande om it sa feilich mooglik te meitsjen en wurkje ek gear mei de sikehuzen. En dan komt dit ynienen." Neffens De Graaf sille no folle mear minsken yn it bûtenlân fjoerwurk keapje. Mei alle gefolgen dy't derby hearre. "Dat betsjut dat de pakketbesoargers mei it fjoerwurk ûnderweis binne."

Neffens De Graaf is it ferbod ek net te hanthavenjen. "Allinich as de plysje 10.000 man ekstra op strjitte hat, mar dat sjoch ik ek net barren."

Lêste jier

Foar De Graaf is it ekstra soer dat it ferbod no komt. Dit soe syn lêste jier wurde nei goed 29 jier hannel yn syn winkel yn Noardwâlde. "Wy hiene allegear bysûndere aksjes betocht, mar dat giet no net mear troch."

Ferslachjouwer Wytse Vellinga praat mei Reinier de Graaf

(Advertinsje)
(Advertinsje)