Utslaande brân yn houten skuorre njonken hotel yn Eastermar

14 nov 2020 - 07:11

Yn Eastermar fleach yn de nach fan freed op sneon in houten skuorre yn 'e brân oan de Elte Martens Beimastrjitte. It gie om in útslaande brân njonken in hotel oan de râne fan it doarp. Dêrom binne de brânwachten fan Droegeham en Burgum gau op it plak kaam. Der wiene gjin minsken yn it gebou, mar ien persoan hat wol reek binnenkrigen. Dêrom is der ek in ambulânse op it plak naam. Fierder rekken der gjin minsken ferwûne en it slagge de brânwacht om it fjoer rap út te meitsjen.

Foto: SRFotografie

De brân ûntstie tusken 1.00 en 2.00 oere en de brânwacht makke frij rap melding fan in middelbrân.

Trefwurden: 
brânwacht brân Eastermar
(Advertinsje)
(Advertinsje)