CDA yn Steaten wol knallend it jier út: "Oardel meter is by karbidsjitten gjin probleem"

Karbidsjitte op âldjiersdei moat gewoan kinne. Dat fynt it CDA yn Provinsjale Steaten. De partij fynt it karbidsjitten in weardefolle tradysje en minsken ha yn dizze coronatiid ferlet fan in fersetsje, is de gedachte. Boppedat falt karbid net ûnder it fjoerwurkferbod dat it kabinet lanlik ynfiere wol, seit CDA-steatelid Rendert Algra.
Karbid sjitten © Omrop Fryslân
Neffens it CDA barre der, oars as mei fjoerwurk, net in soad ûngelokken mei karbid. Dus sil de soarch ek net ekstra belêste wurde, tinkt de partij. Dat is nammentlik de achtergrûn fan in ferbod op it ôfstekken fan fjoerwurk op âldjiersdei.
Oer it karbidsjitten hat Veiligheidsregio Fryslân noch gjin beslút naam, mar steatelid Rendert Algra fan it CDA fynt dat we wol knallend it jier út kinne. "Je moatte de jeugd wat te dwaan jaan. It kin net sa wêze dat der aansten hielendal neat mear is."
Algra tinkt ek dat it tsjin âld en nij oan gjin probleem wêze sil om de coronaregels yn acht te hâlden. "Ik gean derfan út dat der wat rek op komt. Boppedat, as minsken karbidsjitte, binne dat faak mar lytse ploechjes. Wy dogge it hjir thús ek. De âldste soan organisearret it dan en dan binne der ris in kear 15, 20 minsken tagelyk mei romte genôch om ôfstân te hâlden. Dy oardel meter is by it karbidsjitten gjin inkeld probleem."

Net demokratysk

Neffens Algra soe in mearderheid yn de Steaten it wol mei it CDA iens wêze. "Mar it bin net de Steaten dy't dy beslissing nimme. It is sels wat ûndúdlik wa't dy beslissing nimt. De lanlike oerheid lit it oer oan de feilichheidsregio's." It CDA fynt dat net demokratysk, om't de gemeenterieden gjin ynspraak ha yn de beslútfoarming.
Steatelid Rendert Algra fan it CDA