Wethâlder Felix van Beek: "Wij doen ons werk, maar het werkt niet prettig"

13 nov 2020 - 21:55

De kâns is grut dat de provinsje de gemeente Smellingerlân ûnder finansjeel tafersjoch pleatst. Wethâlder Felix van Beek hat in net-slutende begrutting yntsjinne, nei't de gemeenteried fan 'e wike de finansjele plannen fan it kolleezje ôfwiisde. De ried fan Smellingerlân die dat mei in lytse mearderheid. Neffens wethâlder Van Beek sil it finansjeel tafersjoch fan de provinsje net drekt grutte gefolgen hawwe foar de deistige gong fan saken yn de gemeente. Wol sil der by elke ynvestearring tastimming fan de provinsje komme moatte.

Wethâlder Van Beek wie freedtejûn te gast yn It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân:

It Polytburo wurdt freeds om 17.20 oere útstjoerd op Omrop Fryslân telefyzje. Dêrnei wurdt it alle oeren opnij útstjoerd en is it fansels ek online te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)