FIDEO: Lette comeback besoarget froulju Hearrenfean oerwinning op Alkmaar

De froulju fan Sportklup Hearrenfean ha freedtejûn tsjin VV Alkmaar mei 3-2 wûn. De Feansters liken de wedstriid te ferliezen, mar sleepten yn de lêste minuten noch in oerwinning út it fjoer.
De gearfetting fan SC Hearrenfean - VV Alkmaar:
Froulju Hearrenfean - Wedstriidferslach
De froulju setten net goed útein yn de kompetysje en hellen út de earste seis wedstriden mar fjouwer punten. Alkmaar die it mei in punt minder yn likefolle wedstriden noch minder, en dat wie yn it ferrin fan it spul werom te sjen.
De Feansters spilen oanfallend en de keepster fan Alkmaar moast yn de earste tweintich minuten al twa kear rêding bringe op in skot fan Tiny Hoekstra. Hearrenfean kaam krekt foar skoft op in 1-0 foarsprong doe't in foarset fan Hoekstra troch Alkmaar-ferdigener Niekie Pellens yn eigen doel wurke waard.
Tsien minuten nei it skoft makke Charlotte Hulst de lykmakker foar Alkmaar en trije minuten letter makke Emmeke Henschen der ek al 1-2 fan, wêrtroch't de wedstriid ferlern like foar Hearrenfean.
Oanfierder Tiny Hoekstra oer de wedstriid:
Froulju Hearrenfean - Hoekstra

Comeback

Mei noch ien minút te gean koe Francisca Cardoso lykwols de 2-2 binnen sjitte en fier yn de blessueretiid helle Zoï van de Ven mei in frije traap sels noch de twadde oerwinning fan it seizoen. Sanne Koopman kopte de frije traap fan Zoï yn eigen goal en besoarge SC Hearrenfean de 3-2 winst yn de 94e minút.
Bestjoerslid Irene de Goede oer de coronamaatregels by de wedstriid:
Froulju Hearrenfean - Bestjoerslid