Plysje siket fytser nei oanriding by Eastermar

13 nov 2020 - 21:28

Nei in ûngelok op de Skûlenboargerwei yn Eastermar siket de plysje in fytser dy't by dat ûngelok belutsen wie. In auto rekke in fytser en bedarre dêrnei yn de sleat, mar de fytser wie nearne te bekennen.

Foto: SRFotografie

De bestjoerder fan de auto kaam mei de spegel tsjin de fytser oan en rekke dêrnei fan de dyk. De fytser is nei alle gedachten trochfytst, it is net dúdlik oft de persoan ferwûne rekke is.

De fytser wurdt frege him of har te melden by de plysje.

Trefwurden: 
ûngelok Eastermar fytser
(Advertinsje)
(Advertinsje)