Nea wer 'oprotte': Strontrace-man Reid de Jong (86) út Warkum ferstoarn

13 nov 2020 - 21:19

Reid de Jong, betinker en grûnlizzer fan de Strontrace, Beurtveer en Fiskerijdagen, is tongersdei op 86-jierrige leeftiid ferstoarn yn Warkum. De Jong organisearre yn 1974 de earste Strontrace, om de tradysje fan it beurtfear yn eare te hâlden. Yn de rin fan de jierren groeide it út ta de no bekende Strontwike, mei ferskate eveneminten.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De Strontrace is in tocht dy't alle jierren silend, jeiend of boomkjend fan Warkum nei Warmond (Súd-Hollân) en wer werom giet. Oan ien tried wei, sûnder moderne technology. By de start spruts De Jong altyd it wurd 'oprotte'. Dit jier koe it evenemint net trochgean fanwege de coronakrisis. Op it momint dat de start wêze soe, hat De Jong noch in taspraak hâlden.

Reid de Jong wenne sûnt 1967 mei frou en fjouwer bern, en letter mei syn partner Cornelie, yn de fjoertoer fan Warkum. As arsjitekt fertsjinne er de kost mei it restaurearjen fan gebouwen sa as werf De Hoop yn Warkum. Syn manier fan libben wie selsfoarsjennend en sûnder moderne technyske snufkes. Oant syn dea wenne er yn de fjoertoer.

"En bliksem... dat zal ik nu fluisteren... Lieve mensen, dank je wel voor de aanwezigheid en dat oprotten?, dat komt wel, als er maar weer schepen gaan varen..."

Reid de Jong, Warkum 12-10-2020

De bestjoeren fan Zeilvaartcollege Workum, Vereniging Zeilvracht, Visserijvereniging Workum, Stichting Liereliet en Stichting Zeilvaart Warmond binne ferslein troch it ferstjerren fan De Jong.

"Nu moeten we verder zonder deze markante man met een nalatenschap waar je u tegen zegt. Wij zullen er alles aan doen deze nalatenschap voor zover het in onze macht ligt, te bewaren voor de toekomst. Wij zijn Reid veel dank verschuldigd en weten zeker dat er nog veel zeiltochten gemaakt zullen worden in zijn nagedachtenis", sa litte se witte.

Der sil foarearst yn lyts fermidden ôfskied naam wurde fan De Jong. Op de werf De Hoop yn Warkum komt in kondoleânsjeregister te lizzen.

Sjoernalist Johan van der Zee makke foar Van Gewest tot Gewest yn 1998 ûndersteande reportaazje oer de markante Reid de Jong:

(Advertinsje)
(Advertinsje)