Sinteklaassintrale hat ek lêst fan corona: "It falt wat raar op it dakje"

13 nov 2020 - 21:10

Alle jierren liket it mis te gean, mar úteinlik komt it altyd wer goed. Dan giet it fansels oer de yntocht fan Sinteklaas. Mar dit jier is it wol oars as oars troch de coronamaatregels, en guon yntochten gean sels hielendal net troch. En dat hat ek gefolgen foar de Sint Nicolaas Centrale Friesland yn Kollumersweach, dat de pitepakken en de klean fan Sinteklaas ferhiert.

Sinteklaassintrale Fryslân yn Kollumersweach

De sintrale is alle jierren drok dwaande om piten op 'en paad te sjoeren. "As it moat kinne wy hûndert piten tagelyk op paad stjoere. Dat hat ek wolris sa west, mar dat is foaral by de yntocht yn Dokkum", fertelle Pieter en Jilt fan de sintrale. Dy yntocht kin dit jier lykwols net trochgean. "We hiene in hûndert persint coronaproof plan makke, mar it foel ûnder de eveneminten en dy meie net trochgean."

Profesjoneel as Pyt op 'en paad

By de sintrale ha se alles foar it Sinteklaasfeest, sa as profesjonele Pitekostúms. "Wy ha de echte fluwielen pakken, mei de juste aksessoires derby. As wy ús oanklaaie begjinst spontaan te leauwen."

Wylst it wol rêstiger is, hat de sintrale noch wol aardich drokte. Dochs is corona in finansjele ôffaller. "Ferline jier ha wy in grutte ynvestearring dien omdat wy útwreide ha, dan falt dit wol wat raar op it dakje."

Ferslachjouwer Wytse Vellinga by de Sint Nicolaas Centrale Friesland

(Advertinsje)
(Advertinsje)