Reorganisaasje Rabobank driget drastyske gefolgen te ha foar Fryske filialen

13 nov 2020 - 19:49

De gefolgen fan de dizze wike troch de Rabobank oankundige reorganisaasje foar Fryslân kinne grut wêze. De mooglikheid bestiet dat der úteinlik mar in pear kantoaren oerbliuwe. Dat docht bliken út ynformaasje dy't direkt en yndirekt belutsenen yn fertrouwen oan Omrop Fryslân fertelle.

De Rabobank yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Twa dagen lyn waard dúdlik út in stik yn it Financieele Dagblad dat de Rabobank it tal kantoaren yn Nederlân drastysk ynkrimpe wol om de winst op peil te hâlden. It tal kantoaren giet dêrby lanlik werom fan 335 foar de coronakrisis nei úteinlik sa'n 100 oant 150. Op dit stuit binne der noch sa'n 230 iepen.

Dat de Rabobank reorganisearje wol, komt foar fakbûnen en belutsenen net as in ferrassing. De banksektor krimpt al jierren troch de digitalisearring en de lege rinte. Hieltyd minder minsken meitsje gebrûk fan in bankkantoar. Troch corona wurkje ek hieltyd mear minsken thús. In djoer kantoarenetwurk past dêr net mear by. De bank fierde yn 2016 ek al in grutte reorganisaasje troch, wêrby't in soad kantoaren de doarren slute moasten.

Ferskate kantoaren al ticht

Yn Fryslân binne al ferskate kantoaren tichtgien yn bygelyks De Westereen, Drachten (twadde kantoar), Ferwert en Kollum. Ek Grou, Sint-Anne, Wolvegea, Burgum, It Amelân, De Gordyk en in twadde kantoar op It Hearrenfean en yn Drachten binne yn de coronatiid sletten. De kâns liket grut dat se net wer iepen gean. Fan guon fan de kantoaren is dat al wis.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer oer de Rabobank

Yn Dokkum, Surhústerfean, Damwâld, De Jouwer, Easterwâlde, Boalsert, De Lemmer en Frjentsjer binne de kantoaren noch wol foar in part iepen. Harren hinget in ûnwisse takomst boppe de holle. As alles neffens plan ferrint, wurdt de reorganisaasje fan april takom jier ôf trochfierd.

Baneferlies

Hoefolle banen úteinlik yn Fryslân ferlern gean sille, is noch net te sizzen. De Rabobank besiket de minsken, dy't net troch natuerlik ferrin it bedriuw ferlitte kinne, safolle mooglik earne oars te pleatsen. Mar hoe grut de mooglikheden dêrfoar binne is in fraachteken.

De Rabobank yn Burgum - Foto: Google Street View

Neffens de fakbûnen meitsje in soad wurknimmers harren soargen oer de takomst. Net allinnich oer it behâld fan de eigen baan mar ek oer de mooglikheid dat se oerpleatst wurde nei bygelyks in callcenter yn de regio. It kontakt mei de klanten is dêr allinnich noch telefoanysk. En dat is hiel oar wurk as se wend binne.

Wat de minsken dy't harren baan ferlieze krekt boppe de holle hinget, moat noch blike. Neffens in âld-meiwurker hat de Rabobank earder mei it UWV ôfpraat dat wurknimmers dy't dien krije, in ekstra jier WW krije kinne boppe op de WW dêr't se wetlik rjocht op hawwe.

Hoefolle kantoaren bliuwe oer?

De kâns bestiet dat der nei de reorganisaasje noch mar sa'n trije of fjouwer kantoaren yn Fryslân oerbliuwe yn de grutte plakken as It Hearrenfean, Ljouwert, Snits en Drachten. Hoe't dat úteinlik útpakt, sil pas blike as de plannen definityf binne.

Trefwurden: 
Rabobank reorganisaasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)