Toerismeûndernimmers kinne dreech by provinsjale stipe: "It is in hiele put"

13 nov 2020 - 19:38

De toerismesektor hat noed oer it oanfreegjen fan finansjele stipe by Provinsje Fryslân. It jild leit foar se klear, mar se kinne der net by. "Je moatte mear as tsien dokuminten ynfolje", seit Geesje Duursma fan de Toerisme Alliantie Friesland. "Dat is foar lytsere ûndernimmers gjin dwaan."

Petear polityk en toerismeûndernimmers

De ûndernimmers binne troch de coronakrisis hurd rekke. Om de klap opfange te kinnen, hat de provinsje in pear moannen lyn jild klearlein. Mar dat jild is neffens de ûndernimmers dreech te berikken.

De Toerisme Alliantie Friesland hat him faker bûge oer dit probleem. Tal fan ûndernimmers binne oansletten by de organisaasje. "Dêr krije we ferskate lûden dat minsken it dreech fine om troch de digitale rompslomp te kommen", seit Duursma.

"As je net bekend binne mei wat je dwaan moatte, is it al in hiele put. Je moatte bygelyks e-herkenning ha en dat ha in protte ûndernimmers net. Dy kinne je oanfreegje, mar dat duorret ek al in pear dagen. Dan is it de fraach oft dat dus slagget."

De toerismesektor by de provinsje op de kofje - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Duursma is bliid mei de stipe fan de provinsje, mar tinkt dat der dochs wat feroare wurde moat oan de oanfraach. "Der sit ek ferskil tusken de ûndernimmers sels. As je in lytse ûndernimmer binne ha je der de tiid net foar om der in hiele middei foar te sitten. Mar tiid is net it iennige. In protte ûndernimmers binne al somber oer alle gefolgen fan de krisis. Je moatte dan no ek nocht ha, om der wat foar te dwaan. Ik kin my aardich rêde, mar sels ik fyn it dreech."

Fertrouwen

It systeem is tichtspikere troch de provinsje, om fraude tsjin te gean. Dat snappe de ûndernimmers ek, want se wolle net dat elkenien by it jild komt. Mar it wurdt der sa net makliker op, fine se.

"Ik vind het een terecht signaal wat de ondernemers afgeven," seit deputearre Avine Fokkens. "Ik vind het heel goed dat ze dat opgeven. We hebben met de beste intentie geld beschikbaar gesteld, maar het moet dan niet zo zijn dat ze nu niet bij dat geld komen. We kunnen nu met de partijen om tafel, om te kijken hoe het sneller en handiger kan."

Harkje nei de bydrage fan ferslachjouwer Willem Vermeltfoort

(Advertinsje)
(Advertinsje)