Mear jild foar bestriding ikeprosesjerûp yn Eaststellingwerf

It kolleezje fan Eaststellingwerf kin mei yngong fan takom jier mear jild ynsette foar de bestriding fan de ikeprosesjerûp. De waarme simmer soarge foar in soad oerlêst fan it joktebist en de gemeente hat doe 40.000 euro útjûn oan de oanpak.
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Dat jild wie net reservearre yn de begrutting. De ried fan Eaststellingwerf tinkt dat it probleem takom jier wer opspilet en hat it budzjet foar 2021 dêrom ferhege mei 35.000 euro. Dêrom hat wethâlder Esther Verhagen yn totaal 60.000 euro beskikber foar de bestriding. It jild dat net nedich is, giet werom nei de algemiene middels.
De VVD wie de iennige partij dy't tsjin it foarstel stimde. De fraksje woe net te fier foarút sjen, want nei de pyk yn 2020 komt der neffens Sierd van Weperen ek grif wer in delgong.