Boek Sweedske Pippi Langkous nei 75 jier ek yn it Frysk

"Ik ha it noch net earder dien, dus ik tink dat ik it wol kin." It wrâldferneamde sintsje fan berneheldinne Pippi Langkous is nei 75 jier ek te lêzen yn it Frysk. It ferhaal fan de Sweedske skriuwster Astrid Lindgren oer it stoere famke mei de reade flechten wie al yn 50 ferskate talen útbrocht, mar it Frysk ûntbruts noch. Dêr hat de Afûk yn gearwurking mei oersetter Martsje de Jong no feroaring yn brocht.
Eksimplaar Fryske Pippi Langkous oerlange
Sûnt dizze wike is de Fryske ferzje fan it boek Pippi Langkous by de Afûk te bestellen. It earste eksimplaar is oerlange oan Paula Majoor, de Nederlânske stim fan Pippi Langkous yn de films.
De 79-jierrige Majoor spruts de aventoeren fan it famke al yn de jierren 70 yn. Se fynt it moai dat Pippi Langkous no ek yn it Frysk te lêzen is. "Het is ontzettend leuk vertaald. Ik kan het een beetje lezen. Het is echt goed in de sfeer van Pippi gebleven", sa seit Majoor.
Stimaktrise Paula Majoor krijt de earste Fryske Pippi Langkous © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Paula Majoor, de 'Nederlânske' Pippi, oer it Fryske boek
Skriuwster Martsje de Jong is neist de oersetster fan it boek ek grut fan fan Pippi Langkous. Sy hat it boek oerset út it Sweedsk, troch dy taal har earst eigen te meitsjen. Dat die se bygelyks troch it lêzen fan Sweedske kranten. "Troch it boek oer te setten út de boarnetaal, bliuwst ticht by it orizjineel", leit Martsje de Jong út.
Yn it Fryske boek steane deselde yllustraasjes as yn de Nederlânske ferzje. Dy moast de Afûk oankeapje. "Wy tinke dat noch foar de krystdagen de boeken op binne. Wy ha der mar tûzen, dus minsken moatte der fluch by wêze", seit Ida Heddema fan de Afûk. Earder brocht de organisaasje al in Fryske ferzje fan Jip en Janneke út.
© Afûk
Ida Heddema en Martsje de Jong oer de earste Fryske Pippi Langkous