Farmers Defence Force wol tiisdei wer op 'e trekker nei Den Haag

13 nov 2020 - 17:15

Boere-aksjegroep Farmers Defence Force wol dat safolle mooglik boeren kommende tiisdei har trekker parkearje foar de doarren fan Paleis Huis ten Bosch yn Den Haag. De aksjegroep wol dêr demonstrearje tsjin de omjouwingswet dy't der oan sit te kommen. Dêr komt de oanpak fan de stikstofproblemen ûnder te fallen.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Farmers Defence Force wol foarkomme dat de Twadde Keamer akkoart giet mei de wet.

Neffens wurdfierder Sieta van Keimpema fan de aksjegroep ha de boeren tastimming om te demonstrearjen. Se sille harren, neffens Van Keimpema, ek hâlde oan de coronamaatregels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)