Noed by plomfeehâlders: 'Dizze fariant fûgelgryp is net samar fuort'

Plomfeehâlders binne benaud net samar fan de resinte fûgelgrypútbraak ôf te wêzen. Benammen guozzen binne no it slachtoffer fan it firus. Dy fûgels binne hjir ek yn de maitiid en de simmer noch in soad te finen. Oant no ta binne trije plomfeehâlders troffen troch de fûgelgryp. Harren bedriuwen binne romme.
Fûgelgryp
Op it bedriuw fan LTO Nederlân-bestjoerder Piet Faber is alles ôfsletten. Bûtensteanders meie der net yn. Wolle je de stâl yn dan folget der in wiidweidige ûntsmettingsproseduere. Eltse kear wer skjinne learzens en overal oan en de hannen ekstra goed waskje. "It moat wol", seit Faber. "Dat firus sit sa yn de stâl. We ha dat faker meimakke. Dat in lyts kakje tusken alles troch yn de stâl komt en dan ha je in útbraak."
Faber makket him dêr grutte soargen oer. In útbraak hat grutte konsekwinsjes. Net allinnich foar de hinnen sels mar ek foar de finânsjes. "En dan liket dit firus hiel besmetlik. Oeral lâns de kust wurde kadavers fûn." Bistedokter en plomfee-ekspert Sible Westendorp sjocht dat ek: "It giet flot lâns de wetterkant. It is allinnich net te foarsjen hoe slim oft it wurdt."

Goede hoop

It binne oant no ta benammen guozzen dy't it slachtoffer binne. Dat is gefaarlik, sa tinkt Faber: "Dy bliuwe net lâns de kust. Dy fleane ek oer de sângrûnen hinne. Boppedat bliuwe se hjir ek yn de simmer." De fraach is dan ek oft it firus dan wol útdôvje kin. Sible Westendorp tinkt fan wol: "We ha dit sa alris earder meimakke. De ferwachting wie doe ek dat it firus oerjûn wurde soe yn it briedende ark, dus de jongen. Dat barde net. Ik ha dus goede hoop dat we dat no wer sjogge."

"De hinnen moudzje goed"

"Elke dei is wer spannend", seit Faber. "Dan stappe je de stâl yn en dan sjogge je goed oft der ek in deade hin leit. As dat sa is, slacht de skrik je fuort om it hert." Mei syn hinnen giet it goed. "De hinnen moudzje goed, se steane moai te fretten en in pear oaren wiene fleurich oan it drinken. Se lizze ek goed aaien. Mar, je bliuwe 'waakzaam' en alert."
Bistedokter en plomfee-ekspert Sible Westendorp