Koälysje NE-Fryslân fergadere besletten fanwege mooglike juridyske stappen by gunning gemeentehûs

De gearkomste oer de ferkeap fan it gemeentehûs fan Kollum wie tongersdeitejûn efter sletten doarren, om't de koälysje gjin foarset jaan woe oer it juridysk aspekt wat de ferkeapproseduere fan it pân oan de Van Limburg Stirumweg yn Kollum oanbelanget. Sy giene dêrom mei yn it foarstel fan Boargemaster en Wethâlders, om besletten oer de ferkeapproseduere te debattearjen.
© Ben de Jager, RTVNOF
Wannear't sawol fêstgoedbelizzer Wim Bulten, as Dictus Boerma juridyske stappen sette as de gunning fan it gemeentehûs nei Fotocadeau giet, dan woe de koälysje net dat it juridysk aspekt wat de ferkeap oanbelanget iepenbier te lizzen komme soe.
Tongersdeitejûn oan it begjin fan de besletten gearkomste, besleaten de opposysjepartijen de riedseal te ferlitten. De koälysje hat dêrnei oant middernacht fergadere oer de ferkeap. Nije wike tongersdei folget yn de iepenbierheid de beslútfoarming oer de ferkeap fan it pân oan Fotocadeau.

FNP

Fraksjefoarsitter Bert Koonstra fan FNP Noardeast-Fryslân: "It juridyske komponint is in hiele wichtige, want dêr fine wy fan dat it goed yndutsen wêze moat. Bulten hat in kâns fan goed 33 persint." Fêstgoedbelizzer Bulten joech oan dat wannear't hy it pân net krijt syn advokaat der 'in klapt en 'm afbrandt'.
Koonstra ferfolget: "Doe ha wy as fraksje tocht, moatte wy alles iepenbier meitsje? Moatte wy de munysje jaan oan de advokaat fan Bulten, moatte wy dy advokaat de mjitlatte der by lâns lizze litte? Ta koste fan ús mienskip, want dan wurde it dikke prosedueren. Wy tinke dat it net op it goeie paad is. Dêrom ha wy der foar keazen om net iepenbier te gean."
Fraksjefoarsitter Bert Koonstra fan FNP Noardeast-Fryslân
Fraksjefoarsitter Rebecca Slijver fan koälysjepartij S!N reagearret ek op it fuortgean fan de opposysje tongersdeitejûn: "Ik tink dat it harren goed rjocht is, der is ús foarlein om dit stik wol of net yn beslettenheid te dwaan. Wy as S!N ha besletten om dit wol yn beslettenheid te dwaan. Just ek, we ha de ynsprekkers heard, om't twa fan de trije gadingmakkers oanjouwe dat sy it net iens binne mei de proseduere. Mooglik meitsje sy de gong nei de rjochter."
Slijver oer de besletten gearkomste: "Wy moatte as partij en as ried nije wike beslute oft wy akkoart gean mei ferkeap sa't dy no oan ús foarsteld is. Om dêr in goed beslút oer te foarmjen, tinke wy dat it nedich is dêr de juste ynformaasje oer te krijen. Yn besletten part kinst natuerlik krekt efkes wat mear ynformaasje freegje en krije dan yn dit gefal yn de iepenbierheid, krekt om't dy gong nei de rjochter ek driget."
Fraksjefoarsitter Rebecca Slijver fan S!N