HEA! De grutste maten yn Balk

"U heeft maat 70? Wij ook!" Dêrmei is fuortendaliks dúdlik dat minsken mei in hiel grutte kleanmaat teplak kinne yn de kleanwinkel fan Conny Teuben yn Balk. Al fjirtjin jier ferkeapet sy klean oan minsken dy't yn 'gewoane' kleansaken net slagje kinne. Har assortimint giet oant 14XL. Conny har klanten komme út it hiele lân wei en sels út it bûtenlân. Minsken helpe om harrensels moai te finen en te akseptearjen dat se in grutte maat ha, fynt Conny it moaiste oan har wurk.
HEA! XXXL-winkeltsje