Twa jier sel foar Snitser yn proses No Surrender-kopstikken

13 nov 2020 - 15:34

In 62-jierrige man út Snits hat twa jier sel krigen omdat er syn sakerelaasjes ôfparse hat. Dêr krige er help by fan de lieder fan de ferbeane motorklup No Surrender, Henk Kuipers. De Snitser skeakele him yn om de sakerelaasjes te yntimidearjen.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Neffens justysje hat de Snitser bewust gebrûk makke fan it imago fan No Surrender en Kuipers om de minsken benaud te meitsjen. Der wie trije-en-in-heal jier sel easke, mar de rjochter hat rekken hâlden mei de sûnens fan de man út Snits. Dy stie terjochte yn in grutter proses tsjin kopstikken fan No Surrender. Ald-captain Henk Kuipers krige tsien jier sel, trije oare leden fan de motorklup krigen straffen oant fjouwer jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)