Fergeze parrebeammen yn Heech foar beammeplantprojekt

Plan Boom Fryslân sil de kommende tiid goed 5.000 parrebeammen útdiele, as ûnderdiel fan in projekt om de kommende trije jier 700.000 beammen te planten yn Fryslân. Freed wurde de earste 200 beammen brocht nei skoallen en berne-opfangen yn de provinsje. Oege Hiddema fan Landschapsbeheer Friesland en Hans van de Water fan it Heempark yn Heech wiene freedtemoarn drok dwaande om alles klear te meitsjen.
Yn Heech wurde fergees parrebeammen útdield foar lanlik projekt Plan Boom
"Het is even doorwerken. Maar het gaat niet om hele grote aantallen vandaag. We hebben vanochtend tachtig boompjes en vanmiddag ook nog een partijtje. In totaal zo'n 200 bomen vandaag. Dat is goed te doen", seit Van de Water.
Mar is it dan aanst foar dy skoallen ek net in hiele put om dy beammen yn libben te hâlden? "Je moatte se fansels mei de woartels de grûn ynsette. Se krije der ek in plant-ynstruksje by, dus dan wiist it him fansels eins. It stiet der allegearre op", seit Hiddema.
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar yn petear mei Oege Hiddema
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Eins soene fan sneon ôf de minsken yn Heech delkomme kinne om in beamke op te heljen. Fanwegen de coronamaatregels is dat net mooglik, dus binne partikulieren foarearst noch neat oan bar. "Bij particulieren wachten we eigenlijk een beetje af tot de coronamaatregelen versoepeld worden. Dat je hier met grotere groepen tegelijk kunt zijn. Dat weten we dus gewoon nog niet. Het zou kunnen zijn dat over twee weken de coronamaatregelen weer wat makkelijker zijn. Dan kunnen we een datum afspreken. Mensen krijgen daar dan ook weer bericht van", seit Van de Water.
Dat betsjut lykwols net dat de manlju de kommende tiid stilsitte. Bedriuwen oft organisaasjes dy't in grutte bestelling dien hawwe, krije dy fan tiisdei ôf besoarge. "De grotere aantallen, er zijn bijvoorbeeld groepen die een hele boomgaard aan willen leggen, dat wordt bezorgd door Landschapsbeheer Friesland", seit Van de Water.
Spitigernôch koe net elkenien dy't in beamke ha woe der ien krije. Der kamen yn totaal 10.000 beam-oanfragen binnen. De helte moast dus teloarsteld wurde.
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar yn petear mei Hans van de Water