Driuwende oprop op bussen en ambulânsen: ekstra hannen foar de soarch

13 nov 2020 - 15:16

Fryslân hat mear soarchmeiwurkers nedich. Dat driuwende boadskip stiet fan dit wykein ôf op bussen en ambulânsen yn Fryslân. Mei de kampanje 'Extra handen voor de zorg' moat der foldwaande kwalifisearre meiwurkers foar de soarch fûn wurde. Ferfiersmaatskappij Arriva en de ambulânsefoarsjenning RAV Fryslân wurkje hjiryn gear mei organisaasjes foar âlderein en beheinden en de thússoarch.

De Fryske soarchynstellingen pleatsten foarige wike al advertinsjes yn dei- en wykblêden en diene meardere oproppen fia sosjale media. Dêr komme no stickers op de efterkant fan seis bussen fan Arriva en de ambulânsen fan RAV Fryslân by. Beide partijen freegje hjirfoar gjin fergoeding.

Mear omtinken betsjut mear help

"Het is heel waardevol dat andere partijen kosteloos willen bijdragen aan ons doel: voldoende mensen vinden, om iedereen in Fryslân van goede zorg te kunnen blijven voorzien", seit Martin Kirchner, bestjoerder fan âldereinsoarchorganisaasje Noorderbreedte.

Nettsjinsteande de legere coronasifers, hawwe sy noch altyd in soad syktefersom. Soarchpersoniel moat thús wachtsje op in testútslach of kin troch besmetting net oan it wurk. "We hebben heel hard extra handen nodig, om de zorg te kunnen blijven leveren", sa seit Kirchner.

Ekstra hannen

"Onze Friese zorgcollega's hebben extra handen nodig, om de toenemende druk op de zorg goed op te kunnen vangen", seit Sietze Kijlstra, bestjoerder fan RAV Fryslân. "Hoe meer aandacht voor deze campagne, hoe meer extra handen voor patiënten. Daar werken we graag aan mee."

(Advertinsje)
(Advertinsje)