Henk de Jong sjocht koprinner Almere City as favoryt tsjin SC Cambuur

13 nov 2020 - 14:43

"Almere is de favoryt; sy stean boppe oan", dat seit Cambuur-trainer Henk de Jong. De nûmers ien (Almere City) en trije (Cambuur) fan de earste difyzje stean sneintejûn om acht oere foarinoar oer yn it Cambuur Stadion. En de Cambuur-trainer fynt Almere City dus de favoryt. "Mar ik stean leaver sels boppe oan", sa seit hy der by. Cambuur stiet fiif punten efter de koprinner út Almere, mar hat ek in wedstriid minder spile. By winst dogge de Ljouwerters dus hiele goeie saken.

Henk de Jong sjocht Almere City as favoryt tsjin SC Cambuur

Cambuur ferlear ôfrûne sneon mei 3-2 fan Jong Ajax. Dochs sjocht Henk de Jong werom op in goeie wike. "It wie in top wike, nettsjinsteande it ferlies tsjin Jong Ajax. Wy hellen yn dy wedstriid in topnivo. Mar Almere is ek top. Sy stean net foar neat earste. Sy binne de te klopjen ploech. Mar wy dogge ús eigen ding."

Fitte seleksje

Foar de wedstriid tsjin Almere City hat De Jong in hast folslein fitte seleksje ta syn beskikking. Neist de langer blessearren liket allinnich Issa Kallon de wedstriid tsjin Almere net te heljen. It besoarget de Cambuurtrainer somtiden de nedige keuzestress. "Ik lis der nachts wolris wekker fan. Elkenien wurdt better. Dat is ek wat we wolle, mar it makket de kar wol dreech."

Dat jildt bygelyks foar de twa sintrale ferdigeners, Erik Schouten en Joris Kramer. Henk de Jong: "Ja, dat is ferskriklik dreech. It binne beide toppers. En itselde jildt foar Maulun en Paulissen op it middenfjild." De Jong woe noch gjin opstelling jaan. "Ik moat it de jonges noch fertelle, dus ik wol der no noch neat oer sizze, mar we komme der wol út."

Henk de Jong sjocht Almere City as favoryt tsjin SC Cambuur

Ien spiler is yn alle gefallen wis fan in basisplak: middenfjilder Mees Hoedemakers. Hy is hast alle wiken útblinker en makke tsjin Jong Ajax in prachtige goal, mar hy foel ek blessearre út yn dy wedstriid. Hoedemakers is lykwols fit foar de wedstriid tsjin Almere City. "Ja, ik ben fit. Ik kan spelen", sa sei hy nei de training fan freed. "Ik heb vandaag alles mee gedaan en geen last gehad, dus het ziet er goed uit."

Hoedemakers sjocht út nei de topper tsjin Almere City. "Ja lekker toch? Heerlijk. Voetballen tegen een goede tegenstander, daar kijk ik naar uit. Er kunnen belangrijke punten worden gehaald." Ek Hoedemakers sjocht dat der yn de seleksje fan Cambuur in protte konkurrinsje is. "En dat is heel goed. Daar worden we niet minder van. Het zorgt er voor dat iedereen volle bak geeft en scherp is."

Ek yn Almere wurdt útsjoen nei de wedstriid tsjin Cambuur:

Henk de Jong sjocht Almere City as favoryt tsjin SC Cambuur

De wedstriid tusken SC Cambuur en Almere City FC begjint sneintejûn om acht oere. Ferslachjouwer Geert van Tuinen fersoarget it radiokommentaar út it Cambuur Stadion wei. Moandei is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting werom te sjen fan de wedstriid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)