Twa froulju feroardiele foar it stellen fan krystkadobonnen by Noorderbreedte

In 54-jierrige ynwenster fan Ljouwert en in 32-jierrige frou fan Oentsjerk binne freed feroardiele ta wurkstraffen foar it stellen fan kadobonnen dy't Zorggroep Noorderbreedte ynkocht hie as krystkado foar harren personiel.
In oare kadobon © ANP
De 54-jierrige ynwenster fan Ljouwert, dy't wurke by in skjinmakbedriuw dat ynhierd wie troch Noorderbreedte, hie 81 saneamde 'Tintelingen'-kadokaarten efteroer drukt. De frou hie de kaarten út it kantoar fan in teamliwdster fan fersoargingshûs Abbingahiem yn Ljouwert stellen. Se hat de bonnen benammen bestege by ICI PARIS XL, oan parfum en kosmetika.
De frou út Ljouwert krige in wurkstraf fan 80 oeren. Se moat de wearde fan de stellen bonnen, 1620 euro, werombetelje. De ynwenster fan Oentsjerk, doedestiids wurksum by in fersoargingstehûs yn Burgum, hie njoggen bonnen stellen. De frou wie ferslave oan gokkerij en wie dêrtroch finansjeel yn de problemen rekke.
In jier earder hie se 8.000 euro stellen fan har eardere skoanmem. Se holp har skoanmem mei online bankieren en hie de ynloch-gegevens ôfsjoen. De frou út Oentsjerk waard feroardiele ta in wurkstraf fan 140 oeren, wêrfan't 60 oeren ûnder betingst. De frou moat har behannelje litte en mei net mear meidwaan oan kânsspullen.