RIVM: 96 nije coronabesmettingen, tweintich mear as tongersdei

13 nov 2020 - 14:19

Der binne de ôfrûne 24 oeren 96 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der tweintich mear as tongersdei, doe wiene it der 72. It is it heechste tal besmettingen sûnt 3 novimber.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel wer fêststeld yn Súdwest-Fryslân (30). Dêrnei komme Ljouwert (21) en Smellingerlân (11). Alle oare gemeenten ha sân besmettingen of minder.

Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel gjin nije stjergefallen meld en ek gjin nije sikehûsopnamen.

Lanlik binne der 6.109 nije besmettingen fêststeld, 458 mear as tongersdei.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)