Buma slút twa hûzen en loads nei fynst harddrugs

13 nov 2020 - 14:08

Boargemaster Buma fan Ljouwert hat twa hûzen en in kompleks loadsen tichtsmiten fanwege de fynst fan drugs. De hûzen steane yn de Konvooistraat en de Leendert Sinnemastraat, it kompleks loadsen oan de Greunsweg.

Drugs - Foto: Omrop Fryslân

Oan de Konvooistraat fûn de plysje op 24 augustus harddrugs: 5,92 gram kokaïne en 1,44 gram MDMA. Dat gebou moat trije moannen tichtbliuwe. In dei letter fûn de plysje oan de Leendert Sinnemastraat 6,46 gram kokaïne en 0,60 heroïne. Op beide plakken fûn de plysje ek in waach. It hûs oan de Leendert Sinnemastraat is seis moannen sletten.

Yn it kompleks loadsen oan de Greunsweg fûn de plysje op 4 septimber ûnder oare 6,81 gram amfetamine en dêrnjonken in fjoerwapen en munysje. Earder dit jier binne op itselde terrein al in pear loadsen sletten, doe fanwege de fynst fan in himpkwekerij. De drugs dy't no fûn binne wiene net op itselde plak. It kompleks en it hiem binne seis moanne ôfsletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)