Groep Tsjummearumers fernielde minykraan, ien man draait foar de skea op

13 nov 2020 - 13:30

In 29-jierrige man út Tsjummearum draait op foar de skea oan in minykraan dy't begjin april fernield is troch in groepke fandalen. De man moat goed 6.500 euro betelje foar de fernielde kraan en skansearre boumateriaal.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In groepke fandalen spile op 4 april in soart kat- en mûsspul mei de plysje yn Tsjummearum. De groep sleepte stekken en buizen de strjitte op. Dat wie fan in grûnwurkbedriuw út Klazienaveen dat dêr dwaande wie mei wurk oan de dyk.

Groep fan tsien

Alle kearen dat de plysje it guod wer opromme, hellen de fandalen it guod wer de dyk op. De 29-jierrige man en in doarpsgenoat wiene de iennigen dy't oppakt binne. Se seine dat it in groep fan in man as tsien wie, mar se woene gjin nammen neame. Njonken boumateriaal rekke ek in minykraan skansearre.

De totale skea wie 6.511 euro. De rjochter bepaalde dat de 29-jierrige man it folsleine bedrach betelje moat. De oare fertochte hie ôfstân naam fan it fernielen fan de kraan, hy moat dêrom allinnich de skea oan de boumaterialen betelje: 822 euro. Hy krige in wurkstraf fan 40 oeren, de 29-jierrige man moat 60 oeren wurkje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)