Freedsmerk oer Sinteklaas: is der wol wat te fieren?

13 nov 2020 - 12:50

"We wolle de bern it feest net ûnthâlde. En ússels ek net!" Dat wie de meast hearde reaksje op de Ljouwerter freedsmerk oer Sinteklaas yn 2020. Sneon is de yntocht, mar ek dy is oars as oars en dat jildt ek foar pakjesjûn.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Dochs: "Er is altijd wel een reden om iets te vieren, dus die kans moeten we wel aangrijpen, zeker in deze tijd!"

Oare reaksjes wiene der fansels ek: "Met deze toestand is der niks te vieren", en: "De sjarme is derôf. Wy gongen alle jierren nei de pakesizzers mei Sinteklaas. Dat falt no fuort, dat is ferrekte jammer."

"We late niet alles de kop indrukke"

In jonge mem fertelt dat se seker oan Sinteklaas dogge, mar oars as oars: "Wy ha in grutte famylje en it kin no net mei elkenien tagelyk." Mar ek dêr waard ferskillend oer tocht. In échte Ljouwerter beppe fertelt dat se ta de risikogroep heart, mar dat se dochs alle bern en bernsbern útnûget: "Dat gaat gewoan deur. De kleinkynders komme en Sinteklaas en Swarte Pyt oek, want we late niet alles de kop indrukke!"

"Ach", relativearre in oar, "as myn soan mar in soad kado's krijt, dan fynt er it al gau goed!"

René Koster peilde de reaksjes op de freedsmerk

(Advertinsje)
(Advertinsje)