Skoalkoepel Noventa: faklearkrêften yn muzykûnderwiis binne essinsjeel

13 nov 2020 - 12:26

Om de kwaliteit fan muzykûnderwiis op skoallen op nivo te hâlden, binne faklearkrêften essinsjeel. Dat seit Harrie Steenstra, bestjoerder fan skoalkoepel Noventa. Dat is ien fan de organisaasjes dy't dosinten fan kultuersintrum De Wâldsang ynset. Sy binne benaud foar mooglike besunigingen troch de gemeente.

Foto: Shutterstock.com

It kolleezje hat foarnaam om de subsydzje oan De Wâldsang mei yngong fan 2022 stop te setten. De ried naam dêr tongersdeitejûn noch gjin definityf beslút oer. "De voornemende bezuinigen betreuren wij enorm, daarmee gaat een stuk kwaliteit verloren", seit Steenstra.

Juffen en masters net goed genôch

"Een juf of meester op een basisschool moet tegenwoordig een duizendpoot zijn. Hij of zij moet alle vakgebieden goed kunnen geven, maar die verwachting is eigenlijk niet reëel. Dan is zeker de kwaliteit van het muziekonderwijs iets, waar wij als meesters en juffen in het basisonderwijs in te kort schieten, daar ben ik heel eerlijk in."

De skoallen ha gjin jild om sels muzykdosinten oan te stellen, seit Steenstra. Dêrom brûke se de tsjinsten fan De Wâldsang. "Wij vrezen met grote vreze. Het gevolg is dat we op dit vakgebied een enorm stuk gaan inleveren en dat is heel erg jammer."

Lisa Taekema fan RTV NOF prate mei Harrie Steenstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)