GGD Fryslân: Draaiboeken foar faksinaasjes kinne út de kast

13 nov 2020 - 12:07

Der binne de ôfrûne wike 561 coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat is in tredde part minder as de wike dêrfoar. It tal nije besmettingen is mei 277 weromrûn. Dat is de hurdste delgong oant no ta.

Alle besmettingen yn Fryslân sûnt it begjin fan de útbraak (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Fryslân sit yn de middenmoat, seit Marcel de Jong fan de GGD Fryslân. "Op guon plakken yn Nederlân giet de delgong noch hurder, op oare plakken minder hurd."

It tal testen dat de ôfrûne wike dien is by de GGD-lokaasjes is ek weromrûn, mar minder hurd as it tal besmettingen. Fan in lytse 7.000 in wike lyn nei 6.570 de ôfrûne wike. "It fynstpersintaazje giet ek nei ûnderen", seit De Jong. Dat is in goed sinjaal. De GGD fernimt fan de kommersjele testburo's ek dat it tal positive testen dêr weromrint. Der is noch wol ien soarch: yn soarchynstellingen is noch gjin delgong te sjen fan it tal nije besmettingen.

Mooglik testlokaasjes as faksinaasjelokaasje

De draaiboeken foar grutskalige faksinaasje binne yntusken út de kast, seit de GGD. Earder dizze wike kaam in Amerikaansk farmasybedriuw mei posityf nijs oer in faksin, dat yn njoggen op de tsien gefallen wurket. Foardat it faksin ienkear op 'e merk komt, leit der in grutte logistike puzel. It duorret op syn minst in jier foar't hiel Nederlân faksinearre is, seit it RIVM. "De fraach is hoe't we it oanpakke", seit De Jong. "It ministearje bepaalt dat, de GGD folget. We witte ek noch net op watfoar lokaasjes we dat faksinearjen dogge. Miskien kinne we dêrfoar de lokaasjes brûke dy't we no ynsette foar it testen."

Foto: Shutterstock

De GGD is net de iennige ynstânsje dy't faksinearret. Mooglik wurde dêr ek wer húsdokters by belutsen, krekt as by de grypprik. Dy wurdt in soad yn sporthallen útdield. Der komt ek in fyfde GGD-testlokaasje. De GGD wit noch net wêr, mar wol dy lokaasje oant fier yn 2021 behâlde. As it net foar it testen is, dan wol foar it faksinearjen.

Foarljochting nedich

In kwart fan de âlderein twivelet oer in faksinaasje, hat freed bliken dien út ûndersyk fan in âldereinbûn. Dêr leit ek wurk foar de GGD. "We ha ûnderfining mei foarljochting oer it faksinearjen, dus dêr moatte we ek yn dit gefal mei oan de slach."

Coronabesmettingen yn 'e wike

Wike Besmettingen Stjergefallen
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
(Advertinsje)
(Advertinsje)