Lemster Dickens Festijn betinkt oplossing om sfear dochs by minsken thús te bringen

13 nov 2020 - 11:49

De organisaasje fan it Lemster Dickensfestival komt dit jier mei in eigen puzel. Der komt dit jier gjin festival op De Lemmer, fanwege de coronamaatregels, en de organisaasje seach ek gjin mooglikheden foar in alternatyf programma. Om de minsken de sfear fan it Dickenfestival thús te bringen, komt der no in puzel.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Der steane fiif werkenbere lokaasjes op De Lemmer op, mei bekende Dickens-taferielen, lykas as de smid, biddeljende bern en in krystkoar. Hy is te keap by ferskate winkels op De Lemmer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)