Jan Popkema krijt Dr. Obe Postmapriis thús útrikt

13 nov 2020 - 11:40

Jan Popkema krijt de Obe Postmapriis takom wike thús útrikt. Dat soe op it festival Explore the North plakfine, mar troch de coronamaatregels giet dat festival net troch. Deputearre Sietske Poepjes siket Popkema dêrom thús op yn Burgum.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar

Popkema krijt de belangrykste oersettingspriis foar syn Fryske oersetting fan Das Parfum fan de Dútske skriuwer Patrick Süskind.

"Men fielt de emoasje, rûkt de stank, mar ek it ferskaat oan roken en men sit yn 'e holle fan de moardner fan Marianne", seit de sjuery oer de oersetting fan Popkema. "In hiel rike oersetting en in prachtige prestaasje!"

De dr. Obe Postmapriis 2020 is ornearre foar oersettingen fan en nei it Frysk út it tiidrek 2016 - 2019. De provinsjale literêre priis wurdt útrikt út namme fan de provinsje Fryslân en de organisaasje fan de priis is yn hannen fan Tresoar. De priis is neamd nei dichter Obe Postma (1868-1963), dy't sels Fryske oersettingen makke hat út ûnder oare it Dútsk en Amerikaansk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)