FNP stelt fragen oan kolleezje oer foarnommen sluting VVV Ljouwert

13 nov 2020 - 11:15

De FNP yn de gemeente Ljouwert hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje oer de sluting fan it VVV-kantoar yn Ljouwert. De partij wol ûnder mear witte hoe't it kin dat de ried pas dizze wike op de hichte steld is, wylst der it ôfrûne jier al petearen west hawwe oer de takomst fan de VVV en der no sels al in eindatum bekend is. It VVV-kantoar slút op 31 maart 2021 de doarren.

Foto: FNP

De FNP is fierder benijd op hokker wize it kolleezje besocht hat om de VVV te behâlden. Dêrneist is de partij besoarge dat toeristen dy't yn de takomst nei Ljouwert komme net genôch ynformaasje krije kinne. Derom wol de FNP witte op hokker wize der no yn de ynformaasjefoarsjenning foarsjoen wurde sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)