Aksjegroep wol op kademuorren Harns demonstrearje tsjin Europeesk flechtlingebelied

In aksjegroep besteande út ferskate organisaasjes wol snein op de kademuorren fan Harns demonstrearje tsjin it Europeeske flechtlingebelied. De inisjatyfnimmers fan it protest fine dat de Europeeske Kommisje te min docht oan de problemen fan flechtlingen dy't út Afrika komme. Under oare yn Grikelân binne grutte flechtlingekampen evakuearre en libje minsken yn minne omstannichheden.
De haven fan Harns © Shutterstock.com (Rudmer Zwerver)
De demonstraasje is middeis op de kearmuorre fan Harns, by stasjon 'Harlingen Haven'. Under mear de boargemaster fan de gemeente Harns, Roel Sluiter, sil sprekke op de demonstraasje.
Neffens de organisaasje hâldt it protest rekken mei de jildende corona-maatregels.